Gjin ûndersyk Blokhúspoarte

De ûndersiker mei it gebou net yn om te sjen oft it spoeket
Spoeket it yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert of net. Noch foardat der ûndersyk dien is, is der al in soad opskuor. De behearder fan de âld-finzenis út 1500 wol gjin kameraploech binnenlitte. Sels de ûndersiker fan The Dutch Paranormal Society net. Dat mei net fan de Ryksgebouwetsjinst. Se mochten wol ûndersyk dwaan, mar dat net nei bûten bringe.
It bliuwt dus in mystearje oft der spoeken yn de Blokhúspoarte omdwale.