Benedictus yn Earste Keamer

Geart Benedictus lei de eed yn it Frysk ôf
Geart Benedictus fan De Jouwer is tiisdei ynstallearre as senator fan de Earste Keamer. De foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten folget Hans Klein Breteler op, de man dy't Benedictus twa jier ferlyn noch út de Earste Keamer hâlde. De CDA'er stie doe krekt net heech genôch op de list.
Benedictus siet earder yn de Provinsjale Steaten. Hy hat de eed foar de ynstallaasje yn it Frysk ôflein.