Huzebou Grou mei fan Steatsrie

© Omrop Fryslân
Der meie huzen boud wurde oan De Koffe yn Grou. De Raad van State fynt de beswieren tsjin de bou net terjochte. Op it plak fan de eardere supermerk Korti moatte fjouwer huzen komme. In omwenner hie beswier makke. De rjochter fûn it beswier doe ek net terjochte.
Nei it heger berop by de rjochter seit no ek de Raad van State dat de huzen gewoan boud wurde meie. Wol binne de plannen wat oanpast, om de beswiermakker temjitte te kommen.