Kaartferkeap Oerol al begûn

19 maaie 2009 - 14:40

Op de earste dei fan de kaartferkeap foar it Oerolfestival binne 13.500 kaarten ferkocht. Ek binne goed trijetûzen Oerolpaspoarten ferkocht. De foarferkeap wie spesjaal foar de Freonen fan Oerol dy't foarrang krigen.

Moandei begjint de reguliere ferkeap op ynternet. Meielkoar binne goed 100.000 kaarten beskikber. De helte wurdt fia ynternet yn de foarferkeap oan de man brocht. De rest is op Skylge te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)