Plysje pakt drugshannelers op

19 maaie 2009 - 14:37

De plysje hat de ôfrûne moannen alve ynwenners - tusken de 19 en 51 jier - yn Noardeast-Fryslân oppakt. Se wurde fertocht fan it hanneljen yn drugs. Se komme út Kollumersweach, Noardburgum, Bûtenpost, Kollum en Dokkum. Der sitte noch tsien fêst.

De plysje fertinkt de groep fan it hanneljen yn speed, ghb, xtc en ketamine, in middel om bisten rêstich te krijen. Sa'n 50 oant 60 jongeren dy't de drugs by har ôfnamen, binne troch de plysje heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)