Tekoart by wolwêzensklup

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel grypt yn by de Stichting Welzijn Dantumadeel. De wolwêzensorganisaasje hat oer ferline jier in tekoart fan 230.000 euro. De stichting Welzijn fiert út namme fan de gemeente in tal taken út op it mêd fan wolwêzen. It giet dan bygelyks om it âlderein- en jongerewurk, it behear fan pjutteboartersplakken en in soarchbuorkerij.
In team ûnder lieding fan de gemeentesiktaris moat de saak no reorganisearje.