Lânbougrûn is djoerder wurden

© Omrop Fryslân
De prizen foar lânbougrûn yn Fryslân binne de lêste jierren bot omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan lânbou oer 1997-2007. Yn dat lêste jier waard goed 28.000 euro betelle foar in bunder, no is dat op guon plakken folle mear. Fryslân hie yn 2007 de heechste gemiddelde grûnpriis fan it Noarden.
No kin dat oars wêze om't benammen melkfeehâlders it dreech ha troch de lege molkprizen.