Strjitlizze mei de masine

19 maaie 2009 - 12:18

It is in revolúsje op it mêd fan strjitlizzen: in masine dy't de stiennen leit. Der bestie al in apparaat dy't nije stiennen fan in palet pakt en yn 'e dyk leit, mar foar brûkte stiennen moasten strjitlizzers noch op de knibbels. As de strjitte bygelyks iepenhelle waard foar de oanlis fan in nij rioel.

Jansma Wegen út Drachten en Oosterhof-Holman fan Gryptsjerk ha de masine ûntwikkele. Yn de nijbou yn Boarnburgum wurdt der al mei wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)