Miljoenen foar SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat fan de Ingelske fuotbalklup Middlesbrough noch acht miljoen pûn tegoede foar de transfer fan Afonso Alves. Dat skriuwt Voetbal International.
Direkteur Kuiper fan Hearrenfean ûntkent net dat sy noch jild krije fan de Premier League klup, mar it bedrach kloppet net. Kuiper wol it krekte bedrach net sizze. Middlesbrough sit finansjeel yn swier waar, mar Kuiper is net benaud dat de klup syn finansjele ferplichtings net neikomt.