Man oerfallen by pinautomaat

© Omrop Fryslân
In oerfal by in pinautomaat, sneintenacht yn Ljouwert, hat laat ta de oanhâlding fan in 27-jierrige Ljouwerter. De oerfal wie by in jildautomaat oan it Ruterskertier. In 31-jierrige Ljouwerter soe dêr jild ophelje, mar waard oerfallen.
It slachtoffer ferdigene him bot en de dieder naaide út. De orfaller koe eefkes letter mei help fan omstanners oanhâlden wurde. Hy hie in mes yn 'e bûse en is oerbrocht nei it plysjeburo.