Dronken op oare auto botst

18 maaie 2009 - 10:42

In 28-jierrige man út De Lemmer is sneitejûn syn rydbewiis kwytrekke om't er tsjin in parkearde auto oanried. Hy hie tefolle drank op. De man hie noch oanbelle by in hûs om te freegjen wa't de eigner fan de auto wie. Dêrnei wie er nei syn eigen hûs trochriden.

De plysje hat de man yn syn eigen hûs dêr oanhâlden en meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)