Hearrenfean wint KNVB-beker

Soad folk by skermen It Hearrenfean
SC Hearrenfean hat snein yn De Kuip yn Rotterdam de KNVB-beker wûn. Nei in tige spannende wedstriid mei ferlinging en in searje penaltys makke Gerald Sibon it winnende doelpunt foar SC Hearrenfean.
Theo Janssen fan FC Twente iepene de searje penaltys (1-0). Dat gie lykop oant Youssouf Hersi fan FC Twente de tredde penalty naam en oerskeat. Ald-Hearrenfeanspiler Jeffrey Talan oerlange de beker oan Feanoanfierder fan no Michel Breuer.