Ferlinging ûnbeslist: penaltys

Publyk op It Hearrenfean
Bonaventure Kalou hat yn 'e 7e minút fan 'e twadde ferlinging de stân foar SC Hearrenfean op 2-1 brocht. Dêrnei makke Youssouf Hersi fan FC Twente de lykmakker tsjin 'e ein fan 'e twadde ferlinging yn de KNVB-bekerfinale. Dêr bliuwt it by en dêrom wurdt it penalty sjitten.
De ploegen kamen der snein yn 'e reguliere spyltiid foar de KNVB-beker net út. De wedstriid einige yn 1-1 en dêrom wie der in ferlinging en no penalty sjitten nedich.