Popov iepent skoare

17 maaie 2009 - 18:16

SC Hearrenfean is sneintejûn hiel goed begûn oan 'e bekerfinale tsjin FC Twente. De ploech fan trainer Trond Sollied kaam fel út de startblokken en naam nei 26 minuten in 1-0 foarsprong troch in goal fan ferdigener Goran Popov. Ut in frije traap fan Danijel Pranjic kontrolearre Popov de trochkopte bal goed en skeat er fan foarby de twadde peal diagonaal yn 'e fierste hoeke.

Twente hie de pech dat Arnautovic en Wisgerhof al betiid útfoelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)