Earste bussen oankaam

De earste supportersbussen binne oankaam by de Kuip yn Rotterdam. Dêr wurdt sneintejûn de bekerfinale tusken Hearrenfean en Twente spile. Troch de drokte op de dyk kamen guon bussen sneintemoarn te let oan by de opstapplakken.
Guon supporters sieten mear as in oere yn in stilsteande bus te wachtsjen, mar úteinlik koene alle bussen dochs fuortride. Op It Hearrenfean kinne supporters de wedstriid ek op in grut skerm folgje.