Tributebands op Oerrock

Cuby and the Blizzards op in eardere edysje fan Oerrock
Yn Oerterp wurdt no tongersdei, freed en sneon wer it Oerrockfestival holden. It festival begûn ea as in grapke, want der waard nea wat aardichs yn it doarp organisearre. Sân jonges kamen ûnder it drinken fan in bierke op it idee foar Oerrock.
It is dit jier de tsiende kear dat it festival holden wurdt. It programma fan tongersdei stiet yn it teken fan tributebands mei ûnder oare: Stolling Rones (Rolling Stones), CCR Revival, Miracle (Queen), U22U (U2).