Gaos op It Hearrenfean

17 maaie 2009 - 13:11

De úttocht fan de bussen mei supporters dy't nei de bekerfinale yn Rotterdam gean is sneintemoarn op It Hearrenfean gaoatysk útein set. In soad minsken wisten net wêr't se wêze moasten. Ek wienen de bussen net iepen. En dus stienen de minsken yn de rein en waarden se wiet. In protte bussen gienen te let fuort.

Tsjin ienen naam de gaos stadichoan ôf en begûnen de bussen te riden yn groepkes fan likernôch tritich. By opstappunt Snits ferrûn alles goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)