Benjamin Kok wint Staterin

17 maaie 2009 - 12:41

Hurdrinner Benjamin Kok fan Jistrum hat sneon yn Oentsjerk de Staterin op syn namme skreaun. Hy wûn de heale maraton yn in tiid fan 1.17,12. Otto de Boer út Ljouwert kaam tsien minuten letter as twadde oer de streek.

De tsien Ingelske milenrin waard by de manlju wûn troch Alphayo Sambu út Dokkum yn 1.02,22. Corine Visser út Ljouwert wûn it by de froulju yn in tiid fan 1.14,41.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)