Byienkomsten oer weryndieling
De gemeente Skarsterlân hopet fia in hûs-oan-hûs folder sa folle mooglik ynwenners nei de byienkomsten oer weryndieling te krijen. Der binne trije fan sokke jûnen. De earste is op 26 maaie yn Rottum, dêrnei folgje byienkomsten yn St Nyk en op De Jouwer.
Der binne ek noch twa byienkomsten pland mei de ûndernimmers en de pleatslike belangen fan Skarsterlân. De gemeente wol op dizze wize mei sa folle mooglik minsken prate oer de takomst fan Skarsterlân.