Harkemase Boys pakt beker

Foto: Kevin van der Laan, 112
Harkemase Boys hat nei de titel yn de haadklasse ek de noardlike beker pakt. Yn in Fryske finale tusken de Harkemase Boys en Drachtster Boys lutsen de Harekiten sneon mei 2-0 oan it langste ein. Maklik gie dat net. Beide goals foelen pas yn 'e ekstra tiid. Erdem Yeni makke de earste yn de 91ste minút. Tsien minuten yn blessueretiid skeat Martijn Barto de 2-0 binnen út in penalty.
Keeper Theo de Haan fan de Drachtsters krige yn de ekstra tiid in reade kaart.