Lieuwe Westra lieder Picardië

16 maaie 2009 - 21:53

Lieuwe Westra hat ek nei de twadde etappe fan de Ronde fan Picardie de giele liederstrui om de skouders. De twadde etappe oer 179 kilometer einige yn in massasprint. De winst wie foar de Frânsman Romain Feillu. De Sloveen Borut Bozic, ploechmaat fan Westra, waard twadde. De hurdfytser fan Mûnein einige kreas as tweintichste.

Snein wurdt de Ronde fan Picardië ôfsletten mei in moarns- en middeisetappe. Westra hat 28 sekonden foarsprong op de winner fan hjoed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)