Soad folk iepen dei De Marwei

16 maaie 2009 - 17:15
360 besikers koene û.o. in sel besjen

Op de iepen dei fan finzenis De Marwei yn Ljouwert kamen sneon 360 besikers ôf. Dat wie it maksimale tal oanmeldings en dat oantal wie binnen in pear dagen fersein.

Yn it hiele lân liet de Dienst Justitiële Inrichtingen sjen hoe't se wurkje en mei de detinearren omgean. Foar De Marwei wie it de sechsde kear dat se iepen dei hiene.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)