Jan Bos 2e by Lippe Lap A7

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne is twadde wurden by de Lippe Lap A7 Classic mei de einstreek yn Drachten. De fyfde wedstriid fan de klupkompetysje oer 176 kilometer waard wûn troch Peter Koning út Venhuizen.
Peter Jan Polling fan Nieuw Weerdinge kaam as tredde oer de streek. De winner fan 2007, Jan Bos, siet yn in kopgroep fan tsien man. Yn de finale fersplintere dy kopgroep. Jildert Boersma fan Easterwierrum waard sânde, Andries Weening fan De Harkema tsiende.