It Bilt FairTrade-gemeente

16 maaie 2009 - 15:34

Gemeente It Bilt is sneon útroppen ta earste FairTrade-gemeente yn ús provinsje en de tredde yn Nederlân. De titel FairTrade-gemeente krige It Bilt fia in fideoferbining fan Jan Pronk. De âld-minister fan ûntwikkelingsgearwurking is sjueryfoarsitter fan 'e lanlke FairTrade-gemeente kampanje.

FairTrade betsjut earlike hannel. It hâldt yn dat arbeiders út earme lannen dy't de produkten meitsje in goeie finansjele fergoeding krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)