Matt Bauscher nei Grins
Basketballer Matt Bauscher spilet de kommende twa jier foar de Hanzevast Capitels út Grins. De 24-jierrige Amerikaan spile it ôfrûne seizoen foar Aris Friesland.
Bauscher waard mei 22.2 punten per wedstriid topscorer yn de kompetysje en hie mei 5.9 ek de measte assists. Ek waard hy yn it earste jier yn Europa keazen yn it All Star Team.