Man rydt freondinne oan

© Omrop Fryslân
In 81-jierrige automobilist út Terherne hat freed op De Jouwer syn 90-jierrige freondinne oanriden. De frou wie útstapt om de bestjoerder oanwizings te jaan by it ferlitten fan in parkearplakje op de Sinnebuorren.
Nei in miskommunikaasje tusken beide ried de man net achterút mar foarút, wêrtroch't er op de parkearde auto foar him botste mar ek syn freondinne oanried dy't neist de auto stie. De frou is nei it sikehûs yn Snits brocht.