Pinautomaat yn Harns opblaasd

16 maaie 2009 - 12:46

Mei in stellen bestelbuske en gas is freedtenacht besocht de pinautomaat fan de Rabobank op de Waddenpromenade yn Harns op te blazen. Tsjûgen ha in eksploazje heard en warskôgen de plysje. Doe't dy oankaam stiene der twa auto's en in buske foar de bank. Twa minsken naaiden út. It buske bleau achter by de pinautomaat.

De pinautomaat en it tagongshaltsje binne folslein fernield. De plysje siket tsjûgen dy't om 2.40 oere freedtenacht wat sjoen of heard ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)