Schatzenburg Menaam ferkocht

15 maaie 2009 - 20:44

Bungalowpark Schatzenburg by Menaam is ferkocht oan projektûntwikkeler Bernard Kooy út Den Haach. Eigner Ron van Booma wol him hielendal rjochtsje op de ûntwikkeling fan syn oare projekt by Hellendoarn.

Van Booma eksploitearret noch in pear ûnderdielen fan Schatzenburg lykas it swimbad, mar it is de bedoeling dat alles ynkoarten oergiet. Neffens Van Booma sil der neat feroarje op Schatsenburg. It swimbad bliuwt iepen en de lûdswâl wurdt ôfmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)