Earnewâld: it Fryske Venetië

© Omrop Fryslân
Der is folle mear út Earnewâld te heljen as no dien wurdt. It autentike doarp soe hiel wat mear toeristen lûke kinne, mei bygelyks it Lânboumuseum as topattraksje. Mei dizze ynstek ha doarspbewenners in plan skreaun en presentearre oan de ried fan Tytsjerksteradiel.
Neffens it doarp binne der genôch yngrediïnten om in rekreaasjedoarp te wêzen. Ut ûndersyk docht lykwols bliken dat wettersporters gas jouwe wannear't se by Earnewâld delfarre.