Westra wint etappe Picardië

Lieuwe Westra hat freed de earste etappe fan de Ronde fan Picardië wûn. De hurdfytser fan Mûnein ried de lêste acht kilometer solo nei de einstreek. Op 28 sekonden waard de Frânsman Jimmy Casper twadde, it tredde plak wie foar de Italiaan Danilo Napolitano.
De earste etappe fan de Ronde fan Picardië, yn it Noarden fan Frankryk, hie in lingte fan krapoan 180 kilometer. Sneon is de twadde etappe like lang. Snein binne der noch twa koarte etappes (85 en 95 kilometer)