Gjin stadionferbod Feanfan

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige supporter fan SC Hearrenfean mei snein dochs nei de bekerfinale yn Rotterdam. Hy hie fan de klup in stadionferbod krigen, omdat er belutsen west hie by ûngeregeldheden by de wedstriid fan It Fean yn en tsjin Wolfsburg. Dat wie yn novimber 2008.
De supporter hat syn straf hjoed fia in koart pleit oan de rjochter foarlein en dy hat de klup yn it ûngelyk steld. It stadionferbod mei net oplein wurde oan de supporter.