Cambuur talint nei EK finale

15 maaie 2009 - 16:04

It Cambuur talint Bob Schepers hat him mei in Nederlânsk alvetal ûnder 17 jier pleatst foar de finale fan it Europeesk kampioenskip yn Dútslân. Nederlân wûn yn de heale finale mei 2-1 fan Switserlân. Oranje kaam yn de earste helte op 2-0 ûnder oaren troch in doelpunt fan Luc Castaignos út in frije traap fan Schepers. Switserlân skoarde nei de tee ien kear tsjin.

De finale wurdt moandei spile yn Magdenburg. Dêryn treft Oranje Dútslân, dat mei 2-0 wûn fan Italië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)