Gaslek yn Snits

15 maaie 2009 - 12:37

Oan 'e Napjusstrjitte yn Snits hat freedtemoarn in gaslek west. It lek ûntstie om healwei tsienen by graafwurksumheden. De brânwacht hat dêrnei in wetterkanon ynsetten om de fersprieding fan gas tsjin te gean.

Fierders binne der mjittings nei gas yn de omjouwing dien, mar dat smiet gjin gefaar op, sa liet brânwachtkommandant Ab Kiel fan de Snitser brânwacht witte. Essent hie it lek om kertier foar alven wer ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)