Steinfort hopet op dieltyd-ww

15 maaie 2009 - 12:21

It Frjentsjerter bedriuw Steinfort hopet moandei útslach te krijen oer de dieltyd-ww dy't foar de 112 meiwurkers oanfrege is. Steinfort hat de oanfraach dien omdat it tal opdrachten bot minder wurden is.

It bedriuw levert glêsprodukten foar de bou en foar de ynrjochting fan winkels. Troch de oanfraach fan dieltiid-ww hoege gjin minsken dien jûn te wurden. It bedriuw ferliest dêrtroch gjin spesjalisearre wurknimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)