Aksje keatsplaatsjes fan start
By de C1000-supermerk yn Frjentsjer is freed in aksje mei keatsplaatsjes fan start gien. Minsken kinne plaatsjes sparje fan 108 bekende keatsers.
De supermerk hat 240.000 keatsplaatsjes printsje litten en ferwachtet krekt sa'n gekte as by de fuotbalplaatsjes. De aksje duorret oant it grutste keatsevenemint, de PC yn Frjentsjer, ein july.