Gefolgen krisis falle noch mei

15 maaie 2009 - 11:59

Yn Fryslân falle de gefolgen fan de ekonomyske krisis oant no ta toch noch wol wat mei, yn fergeliking mei de rest fan it lân. Dat seit wurdfierder Van Tuinen fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noord, yn reaksje op de nijste sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek.

Dat makke freedtemoarn bekend dat de ekonomy de earste trije moanne fan dit jier mei fjouwer-en-in-heal persint krompen is, de slimste krimp sûnt de oarloch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)