Mear minsken derút by NDC

15 maaie 2009 - 11:08

By de Noordelijke Dagblad Combinatie, dy't ûnder oare de Ljouwerter krante útbringt, ferdwine nochris 27 banen. Dy komme boppe-op it ferlies fan 75 arbeidsplakken dat earder al oankundige waard.

De ekstra banen ferdwine op 'e ôfdieling dy't de advertinsjes opmakket. De yngreep dêr is neffens de dagbladkombinaasje needsaaklik, omdat der hieltyd minder ynkomsten út advertinsjes binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)