Kontrôle op fakânsjehúskes

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf kontrolearret fan nije wike ôf stranger op it permanint bewenjen fan fakânsjehúskes. De gemeente hat dêr in bedriuw foar ynhierd dat dêryn spesjalisearre is.
Doel fan de kontrôle is om de húskes dy't permanint bewenne wurde, wer frij te krijen foar tydlik ferbliuw. Eaststellingwerf wol tagelyk ek foarkomme dat der nije gefallen ûntstean fan fakânsjehúskes dêr't minsken gewoan altiten yn wenje.