Promoasje Fryslân fia ynternet

15 maaie 2009 - 09:53

Der wurde miljoenen yn stutsen om Fryslân fia ynternet op 'e kaart te setten as toeristyske topattraksje. De provinsje hat de ôfrûne jierren in soad ynvestearre yn toeristyske projekten. Doel is no om dy troch ynternet ek bekend te meitsjen yn de rest fan de wrâld.

Sa moat der in ynformaasjesysteem foar wettersporters komme. Fierders komme der ek firtuele toertochten troch Ljouwert en Snits. Potensjele besikers witte dan wat dêr te dwaan is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)