CDA wol berneboargemaster

15 maaie 2009 - 09:28

De polityk yn Dongeradiel is it der noch net oer iens oft der wol in berneboargemaster oansteld wurde moat yn 'e gemeente. It CDA yn Dongeradiel is mei it plan kaam.

Doel is om de berneboargemaster in soarte ambassadeur foar bernesaken te meitsjen, dy't dan bygelyks oanwêzich is by de yntocht fan Sinteklaas en op Keninginnedei. Der soene ek alle jierren bernelintsjes útdield wurde kinne. Sa moat de funksje fan boargemaster bekender wurde by bern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)