'Oerlêst roeken bestride'

14 maaie 2009 - 21:57

Fryske gemeenten hawwe by it bestriden fan it oerskot oan roeken help nedich fan it Ryk. Dat fynt de Feriening fan Fryske Gemeenten, it VFG. It ministearje fan LNV moat de gemeenten mear romte jaan om de oerlêst fan roeken oan te pakken.

Fertsjintwurdigers fan fyftjin gemeenten hawwe oerlein mei it ministearje fan LNV oer it probleem. De roeken skite alles ûnder en meitsje in soad leven. Roeken binne beskerme en meie net samar ôfsketten wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)