Undersyk delstoart fleantúch

14 maaie 2009 - 21:10

Mei in nij ûndersyk moat definityf achterhelle wurde hokker fleantúch yn de Twadde Wrâldoarloch delstoarte by Wiuwert. It giet om in Ingelsk fleantúch dat yn 1941 by Wiuwert nei ûnderen kaam. Neffens amateur-histoarisy giet it wierskynlik om de Wellington R1397 fan it 103e Squadron fan de Royal Air Force, mei seis bemanningsleden.

De gemeente Littenseradiel hat de Luchtmacht opdracht jûn om resten fan it fleantúch op te spoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)