Ferhuzing goed foar Tetra Pak

De nije lokaasje fan Tetrapak befalt goed
De ferhuzing fan Tetra Pak Tebel fan Ljouwert nei It Hearrenfean hat goed útpakt foar it bedriuw. Tetra Pak makket masjines foar de tsiisproduksje en sit op it IBF-bedriuweterrein.
De ferhuzing fan Tetra Pak en syn 130 meiwurkers soarge goed in jier lyn foar ophef yn de Ljouwerter gemeenteried, om't de polityk graach woe dat it bedriuw yn de haadstêd bleau. Foar Tetra Pak Tebel wie dat gjin opsje, om't it nije gebou folle effisjinter is.