Wedstriid foar sterkste boer

14 maaie 2009 - 14:47

It Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld hâldt op snein 30 augustus in wedstriid om de sterkste boer fan Fryslân. Der kinne tweintich boeren meidwaan. De wedstriid is basearre op de Highland Games, in wedstriid foar sterke manlju yn Skotlân.

Foar de sterkste boer moatte de dielnimmers trekkerlûke, heabalen smite en molkbustille. Boeren dy't meidwaan wolle, moatte in mail stjoere nei it museum. Foar froulju en bern binne der ek wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)