Huzebou stil troch fallisemint

14 maaie 2009 - 14:18

It fallisemint fan boubedriuw Buwalda fan Skettens hat net allinnich gefolgen foar it personiel, mar ek foar ûnderoannimmers en hûseigners. It 73-jier âlde famyljebedriuw hat te min opdrachten.

Troch it fallisemint komme 45 meiwurkers op strjitte te stean. Mar ûnderoannimmers kinne ek fluitsje nei harren jild. In oar probleem is dat de bou fan guon wenten no stilleit. Foar it personiel dat sân wike lang gjin lean krigen hat, is in oplossing fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)