13e Bekerfinale foar Sollied

Trond Sollied
Foar de trettjinde kear stiet Hearrenfeantrainer Trond Sollied snein yn in bekerfinale. Seis kear earder wûn er de beker. As spiler wûn er de beker twa kear mei Rosenborg, as spiler-trainer wûn hy de cup mei Bodo Glimt en as trainer waard de finale wûn mei Olympiakos Pireaus en twa kear mei Club Brugge.
Ferline jier stie Sollied yn België yn de finale mei AA Gent, mar doe ferlear de Noar syn ploech mei 2-1 fan Anderlecht.