Geul Amelân breder en djipper

14 maaie 2009 - 12:20

De fargeul tusken Holwert en It Amelân wurdt breder en djipper makke. Rederij Wagenborg en Rykswettersteat sille ynkoarten ôfspraken fêstlizze oer it ûnderhâld fan de fargeul nei it eilân. De geul wurdt op dit stuit 50 meter breed hâlden en 3,5 meter djip. Dat wurdt tenei 67 meter en 4.10 meter djip.

Der wurdt al jierren praat oer de fargeul om't boaten fan Wagenborg noch wolris oan 'e grûn komme te sitten of se moatte hiel stadich farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)