Schuttevaerrace út ein set

De dielnimmers oan de 27e edysje fan de Schuttevaerrace kinne net de rûte by de Paardenhoek ûnder Flylân delfarre. Dat hat de organisaasje besletten. Trochdat de wyn út it noardeasten komt, stiet der op dat plak suver gjin wetter.
De Schuttevaerrace is tongersdei om tsien oere út ein set yn Starum. Dielnimmers sile nei Teksel, Flylân en Skylge dêr't se fytse en hurddrave moatte. Mei 37 teams is de dielname dit jier wol lytser as oars.