ABD: kontrakt Omrin opsizze

14 maaie 2009 - 10:27

Dongeradiel moat it kontrakt mei ôffalferwurker Omrin opsizze. Dat fynt de gemeenteriedsfraksje fan Algemien Belang Dongeradiel. In oare ferwurker soe goedkeaper wurkje kinne. Sa soe der seis ton besparre wurde kinne op skieden ynsammeljen fan keunststof. De gemeente soe fierder út in ôffalfûns fan it bedriuwslibben twa miljoen euro freegje kinne, neffens ABD.

Oare partijen wolle by Omrin bliuwe. De saak wurdt ein maaie yn in riedsgearkomste bepraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)