Ynslûper oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in man út Snits oanhâlden dy't fertocht wurdt fan ynslûping. De man waard troch in 38-jierrige frou sjoen yn har hûs. De man naaide gau út en de frou warskôge de plysje. De plysje sette in Burgenetaksje op. Achthûndert minsken waarden mei in sms-berjocht frege út te sjen nei de struner. De Snitser is op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert oppakt troch plysjes.